Abma - Bouma

Omhoog

In het FRIES LANDBOUWBLAD van 23 september 1960

wordt aan de hand van het familieboekje van Douwe van der Heij het volgende geschreven:

Der binne inkelde boerefamyljes dy't ieuwen lang mei in bipaeld stikje Fryslân forboun bleaun binne. Soks hat ek it gefal west mei de famylje Abma.

Ut in famyljeboekje dat yn 1894 skreaun is troch D. v. d. Heij en dat oer de famylje Bouma en Abma giet, blykt dat der yn 1686 yn Hommerts en Jutryp al Abma's wennen, dat der yn 1763 ien fan harren nei Hidaerd forhuze en dat se bigjin 1800 yn Folsgeare kamen, trochdat Ruurd Freerks Abma troude mei Hiltsje Klazes Wiersma en boer wurden is op in pleats earder eigen oan de famylje fan Hiltje.

Ût de floreenkohieren is nei to gean dat de bân fan de famylje mei Folsgeare yn elts gefal bigjint omtrint 1768 en sadwaende hast 200 jier âld is en dat de rjochte line Abma mei dit stikie Fryslaii 160 jier âld wêze sil. Yn 1801 troud.krije Ruurd Freerks Abma en Hiltje Klazes Wiersma yn 1802 har earste bern. Gerritje, berne
to Folsgeare.

Fanôf 1828 is de pleats biwenne troch Meinte Abma, ek famyljepleats en dizze is oant de dei fan hjoed Abma's pleats bleaun en biwenne troch 4 geslachten Abma:

1828—1833    wiene biwenners en eigeners Ruurd Freerks Abma en Hiltje Klazes Wiersma;

1833—1848    Widd. Ruurd Freerks Abma mei har bern (der wiene 13);

1848—1903    Teade Ruurds Abma en Minke Bouma (sjoch foto's). Dizze ha der 55 jier buorke. Ûut dizze pake syn tiid wie de fluorre jister ôfkomstich:

1903—1929    Ruurd Teades Abma en Hesseltje Meintes Brandsma;

en fan 1929 óf wenje Meinte Abma en Akke Boschma dêr.

Sa leit hjlr in hechte bân fan de Abma's mei Folsgeare.

Ek de pleats fan Jelle Abma is al in tiid lang famylje-pleats.

Dizze beide pleatsen jowe noch hwat eigens, drage noch de sfear fan it forline, alhoewel foar de Abma's de tiid net stil stien hat. Mar it ôf- slettene, de tichte beammantels dy't hûs en hiem omfiemjc, it is krekt of binne dat de wachters dy't der foar soargje dat by al it opkringen fan it nije en fan it aloan lytser wurden fan de wrâld hjir eat eigens biwarre bliuwt.                     d. H.